Tin iis
Maak tweedehands je eerste keus
- Gratis verzending vanaf 4 boeken of 40 euro
- Alle boeken met zorg gecontroleerd
- Op werkdagen voor 15:00u besteld, vandaag verzonden.
Niet op voorraad... Seintje?
Vul je e-mail adres in en wij sturen je een e-mail als het boek weer op voorraad is.
ISBN
9789065530585
Bindwijze
Paperback
Taal
Nederlands
Auteur
Uitgeverij
Tille B.V., Uitgeverij De
Aantal pagina's
305
Waar gaat het over?
new old stock
De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs.
In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is.
Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd
Tiny Mulder (1921-2010) kaam op har trettjinde yn Drachten te wenjen. Yn de oarloch rekke se yn it ferset behelle as koerierster. Nei de oarloch waard se sjoernalist en literêr kritikus by it Friesch Dagblad. Se waardwurdearre om har selsstannich en kritysk oardiel. Tiny Mulder skreau gedichten, berneboeken, ferhalen en twa romans. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis.
Lees verder
Helaas zijn er geen recensies op dit boek